19
zo, mei
0 Nieuwe art.
Volg ons:       Nu live radio: Klik hier voor de live uitzending
Advertentie:
Bondelpresintaasje ‘heit en ik’, Hinke Veenstra
Zaterdag 26 September 2020, 14:00 - 17:00
Op sneon 26 septimber 2020 presintearret Hinke Veenstra út Drachten har twadde dichtbondel: ‘heit en ik’, mei muzikale omlisting.

De bondel is te keap foar € 12,50 (eksklusyf ferstjoerkosten) fia Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken., mar fansels ek tidens de presintaasje. Fan elke ferkochte bondel giet € 1,50 nei it Bartiméus fûns.

Hinke Veenstra (1958)
Klank, kleur en foarm spylje in grutte rol yn it libben fan Hinke Veenstra. Dit is net
allinnich werom te finen yn har gedichten en fotografy, mar ek yn har
skilderijen.Hinke’s wurk giet oer har sykjen nei de betsjutting ‘efter de dingen’. In
oantal Blues-teksten fan har binne op muzyk set en te finen op YouTube. Har wurk is
in utering fan it yntuïtive, naïve en puere sjen en belibjen fan de wrâld. Har fotografy
stelt it deistige sintraal, mar jout de taskôger dêryn faak in net alledeistige
ynfalshoeke.

 

Locatie Burgum, Glinstra State, Freerk Bosgraafstraat 18
Advertenties




Advertentie